Wikipedy:Parseberjocht

50000 kear Wikipedy

Koartbewurkje seksje

Fyftichtûzen kear Fryskbewurkje seksje

Ynternet, 21 desimber 2022 – Sûnt dizze dei hat de Fryske Wikipedy 50.000 artikels. At jo dit lêze, sille it grif sels al mear wêze, om't de Wikipedy in ensyklopedy is dy't altyd trochgroeit. Eltsenien kin syn witten tafoegje, dat it tal artikels wurdt stadich grutter.

Op 29 oktober 2005 waard foar it earst in parseberjocht útstjoerd, doe foar 2.000 siden. Sûnt hawwe der berjochten west foar 5.000, 10.000, 20.000, 40.000, en no foar 50.000 siden. Stadichoan waard it wat te grut, dat wy hawwe no in romeins sifer mei in Titulus brûkt: "50"-"000".

It Wikipedia-projekt is 15 jannewaris 2001 begûn troch Jimmy Wales en Larry Sanger. Fansels is it lyts begûn, net oars as in oar nij webstee; yn it begjin wie it perfoarst net in Mundaneum, mar it waard grutter. Om 16 maart hinne ferskynden der ek in Dútske en in Katalaanke ferzje. Yn 'e rin fan 2002 waard op de Ingelske de 50.000ste side skreaun. Underwilens binne der 329 Wikipedyen. De Ingelske wikipedy hat no 6.590.748 artikels en alle wikipedyen by elkoar binne no 21,23 GB grut.

Sa'n oardel jier nei de Ingelsktalige Wikipedy ferskynde de Frysktalige op 2 septimber 2002. Yn 't begjin wienen der noch net safolle meidoggers. Yn 2005 waard lykwols de 2000e side skreaun. ...

Dit stie yn it parseberjocht, mar wat foar doel hat it?bewurkje seksje

Dat komt: Eltse wikipedy is in wiky. As der earne in reade keppeling stiet, dan kin men dêr op klikke en daalks begjinne te skriuwen. As in keppeling blau is, dan kin men dêr fierder lêze, krekt as by in oar webstee, mar ornaris kin men oanjaan Bewurkje te wollen, en dan itselde ferhaal.
Jo kinne neat stikken meitsje. Wylst wy dit skreaunen, helle immen, by fersin nimme wy oan, de kop fan it Kladblok fuort. Mar de wiky hâldt de skiedenis by, dêr´t eltsenien oan sjen kinne wat der mis giet. Dat sels at der wat skeef giet, is it ynfâldich op te lossen.
Sa ienfâldich is it en lit de Wikipedy waakse.

http://fy.wikipedia.org/

Taheake ynformaasjebewurkje seksje

Parsekontakten:

Kolofonbewurkje seksje

Lykas alle siden fan de Wikipedy is ek dit parseberjocht yn gearwurking ta stân kaam. De Wikipedy-ferzje fan dit berjocht, mei de keppelings nei oare Wikipedy-siden, stiet op: Wikipedy:Parseberjocht

Stjoerlistbewurkje seksje

  • Frysk Deiblêd - redactie aapke frieschdagblad.nl ? cultuur aapke frieschdagblad.nl
  • Ljouwerter Krante - redactie aapke lc.nl
  • Omrop Fryslân - redaksje aapke omropfryslan.nl

Mear lokale kranten/omroppen?

  • Wâldnet - Wâldnet.nl
  • Omroep Zilt - omroepzilt.nl
  • RTV NOF - rtvnof.nl
  • Van wad tot stad - vanwadtotstad.nl
  • SA24 - SA24.nl
  • Groot Sneek - grootsneek.nl
  • Groot Heerenveen - grootheerenveen.nl

Eardere tel-berjochtenbewurkje seksje