Sovjet-Uny

De Sovjet-Uny waard opgerjochte yn 1922, nei de Russyske revolúsje. De offisjele namme wie Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken, ôfkoarte as USSR, yn it Russysk en mei Syrillysk alfabet wie dat СССР (sprek út as SSSR). Yn 1991 waard de uny ûntbûn en krigen alle 15 republiken fan 'e âlde Sovjet-Uny ûnôhinklikens.

Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken
Союз Советских Социалистических Республик
Sojuz Sovjetskich Socialističeskich Rjespublik
1922 – 1991
flaggewapen
Russysk: Пролетарии Всех Стран, Соединяйтесь!
Proletarii Vsjech Stran, Sojedinjajtjes’!
("Proletariërs Aller Lannen, Ferienje Jimme!")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêdMoskou
offisjele taalRussysk
steatsfoarmfederaasje fan republiken   
ûntstien út Russyske S.F.S.R.
Transkauk. S.F.S.R.
Oekraynske S.S.R.
Wytrussyske S.S.R.
Bûchaarske S.S.R.
Folksrep. Gorazmje
Estlân
Letlân
Litouwen
Folksrepublyk Tûva
opgien yn Ruslân
Armeenje
Azerbeidzjan
Estlân
Georgje
Kazachstan
Kirgyzje
Letlân
Litouwen
Moldaavje
de Oekraïne
Oezbekistan
Tadzjikistan
Turkmenistan
Wyt-Ruslân
no diel fansjoch by "opgien yn"
sifers
ynwennertal293 miljoen (1991)
befolkingstichtens13,1 / km²
oerflak22.402.200 km²
(wêrfan 22% wetter)
bykommende ynformaasje
folkslietDe Ynternasjonale
muntienheidroebel
tillefoan+7
ISO 3166-koadeSU
ynternetekstinsje.su

Lieders fan it regearbewurkje seksje

Ideologybewurkje seksje

De idelogyske begjinsels dy't de bases foarme fan ynlânske en bútenlânske polityk fan 'e Sovjet-Uny en fan it sosjaal-ekonomyske systeem fan it ryk, waard it Marksisme, in wichtige streaming fan it kommunisme. Neffens dy ideology wie it stribjen fia in perfekt sosjalistysk systeem in kommunistyske heilsteat te wurden. Njonken dat soe de Sovjet-Uny bydrage oan de wrâldrevolúsje dêr't it Marksisme fan útgiet. Lenin soarge yn de Sovjet-Uny foar in polityk-ekonomysk systeem wat op dy Marksistyske ideology oanslute moast, it Leninisme.

Militêrbewurkje seksje

Ut it bolsjewistyske folksleger fan de Russyske Revolúsje groeide letter it Reade Leger. It Reade Leger (nei nammeferoaring yn 1946: Sovjet-leger) omfieme de lânmacht, loftmacht, loftferdigening (fan 1948 ôf) en de Strategyske Rakettroepen (fan 1960 ôf). It Reade Leger foarme mei de Sovjet-marine de definsje fan de Sovjet-Uny.

De KGB soarge dêrneist foar de steatsfeilichheid.

Wichtige dagenbewurkje seksje

DatumFryske nammeRussyske nammeOanfolling
1 jannewarisNijjierНовый Год 
7 jannewarisOrtodokske KrystПравославное Рождество 
23 febrewarisDei fan it legerДень Советской Армии и Военно-Морского ФлотаFebrewarisrevolúsje 1917;
oprjochting fan it Reade leger 1918.
8 maartYnternasjonale FrouljusdeiМеждународный Женский День 
1 maaieEarste MaaieПервое Мая - День Солидарности ТрудящихсяDei fan de Arbeid
9 maaieOerwinningsdagenДень ПобедыNazy-Dútslân oerwûn yn 1945
7-8 novimberSosjalistyske OktoberrevolúsjeСедьмое НоябряOktoberrevolúsje 1917; hjit no: День Примирения

Audiobewurkje seksje

Sjoch ekbewurkje seksje