Midfryske literatuer

It tiidrek fan de Midfryske literatuer, de literatuer yn it Midfrysk, begûn nei it ferskinen fan de lêste Aldfryske teksten, om 1550 hinne. Ornaris wurdt Gysbert Japiks yn dizze perioade op in seldsume hichte steld. Mar oare skriuwers lykas Johannes Hilarides, heit en soan Althuysen (Simen en Jan) en Feike Hiddes van der Ploeg wienen ek tige warber en hawwe fertsjinstlik wurk ôflevere. 'Bestsellers' fan de Midfryske literatuer binne lykwols Wouter in Tialle en Ansk in Houck fan Johan van Hichtum en It libben fan Aagtje Ijsbrants fan Eelke Meinerts. It grutste literêre súkses fan de 18e iuw wie Waatze Gribberts brulloft mei allinnich yn dy iuw al fjouwer werprintingen.

Oergong fan Aldfrysk nei Midfryskbewurkje seksje

Yn 1573 ferskynde in de lêste oarkonde yn it Aldfrysk. It wie lykwols in kopy fan in oarkonde út de 1540er jierren. Mei de Bogerman-sprekwurden yn it jier 1550 wurdt mei de Aldfryske skriuwtradysje brutsen. Alles wat dêrnei komt, kin ta de Midfryske literatuer rekkene wurde.

Renêssânse (1550-1640)bewurkje seksje

J.J. Starter

De tekenen fan it begjin fan de renêssânse yn Fryslân binne net hiel dúdlik. Guon miene dat de saneamde ‘Alde Druk’ mei 't ‘Freeske Landriucht’ al in hiel betiid teken is. Mei mear wissigens kin wiisd wurde op it lettere wurk fan ien as Reyner Bogerman (ca. 1475 - nei 1566), Dokkumer fan komôf, jurist en histoarikus, stedsskriuwer fan Kampen, dy't om 1550 hinne yn syn ‘Eulogium’ Fryske nammen en hûnderten Fryske rym-sprekwurden joech.[1]

Jacob Vredeman (1558/1559-1621) of Giacomo Vredeman hat ferskillende lyrysk-eroatyske gedichten skreaun. Bysûnder is dat dy gedichten bedoeld wienen om mei in groep te sjen. De gedichten binne yn 1602 útjûn mei muzyk derby. Yn 1614 wurdt in Nederlânsk boek útjûn mei as titel Der oude vrije friesen Spreekwoorden (Sprekwurden fan de âlde frije Friezen) fan Carel Georg van Burmania (±1570-1634).

Gysbert Japiks

Om 1600 hinne dûke twa brulloftsfersen fan dûmny Johan van Hichtum (likernôch 1560 - 1628) op. Hy hold syn identiteit lykwols geheim omdat de tsjerke it sjênre "brulloftsfersen" net mear lije mocht. Syn boek Wouter in Tialle waard wierskynlik yn it jier 1609 publisearre, mei werprintingen yn 1639, 1714, 1826, 1908, 1929, 1939 en 2015. Fan syn boek Ansk in Houck is it krekte publikaasjejier net bekend, mar yn 1639, 1899, 1929, 1935 en 2015 waard it op 'e nij útjûn. Hoewol't de beide wurken yn de eagen fan literatuerkritisy net folle wurdich binne, kinne se troch it grutte oantal werprintingen dochs rekkene wurde ta de klassikers fan 'e Midfryske literatuer.

Jan Jansz. Starter (1593 - 1626) is berne yn Amsterdam mar syn âlden komme út Ingelân. Hy teach nei Ljouwert dêr't hy in eigen boekhannel hie. Starter makke handich gebrûk fan syn Ingelske komôf en brûkte bekende Ingelske melodyen om oer te setten nei it Nederlânsk. Syn Friesche Lusthof (1621) is gruttendiels yn it Nederlânsk skreaun, mar befettet ek in stikmannich Fryske gedichten. Doe't Starter syn Friesche Lusthof ferskynde, wie Japiks 18 jier. Boppedat hie Starter yn syn wurk sjen litten dat it mooglik wie om yn it Frysk te dichtsjen. Mei grutte wierskyn kin steld wurde dat Starter syn wurk ynspiraasje west hat foar Japiks.

Gysbert Japiks - op 'e grins fan Renêssânse & Barokbewurkje seksje

Gysbert Japiks (1603 - 1666) wie in skoalmaster, soan fan de ûntwerper fan it Boalserter Riedhûs, ferneamd om syn dichtwurk. Yn 1640 ferskynde syn earste boek Friesche Tjerne, in brulloftdicht, dat al it oar fuort yn 't skaad sette soe. Yn 1668, twa jier nei syn dea, ferskynde postúm de Friesche Rymlerye. De twa boeken binne it Fryske wjergea fan de ynternasjonale lûden fan Renêssânse en Barok. De Gysbert Japicxpriis is neamd nei de 17e-iuwske Fryske dichter.

Barok & Klassisisme (1640-1720)bewurkje seksje

Yn 1686 ferskine twa Frysktalige boeken fan opmerklike skriuwers, ien fan in frou en ien fan in dûmny. Yn de De Bron-Swaan fan Titia Brongersma (likernôch 1660 - 1700) steane Frânske, Nederlânske en fjouwer Fryske teksten. Ds. Vitus Ringers (1660 - 1725) lit datselde jier syn Stichtelijk Sang-Priëel útjaan, dêr't er mei besocht it Fryske ta tsjerklike taal te meitsjen mei trije Fryske psalmen.

Net yn 'e styl fan barok of klassisisme is Waatze Gribbert brulloft dat yn 1701 ferksynde. It is in bewurking fan Dútsk toanielstik. De ynhâld waard letter as 'rûch, leech by de grûn, soms bot en soms smoarch' beskreaun. It hat in protte wei fan oare Europeeske folkskomeedzjes út dy tiid. Mei werprintingen yn 1712, 1733, 1765, 1779, 1809, 1820, 1840 en 2017 soe it suver wol ta de klassikers fan de Midfryske literatuer rekkene wurde kinne.

In typyske klassikus is Johannes Hilarides1648 - 1725). Tusken 1669 en 1722 is hy as skriuwer wakker aktyf. Hy skriuwt gedichten yn it Frysk, Latyn en Nederlânsk. Hy sette it 'Us heit' oer yn de lytse Fryske dialekten en skreau trije gedichten yn it Hylpersk. Neist syn wurk as skriuwer hat er him fertsjinstlik makke mei poëzij-oersetting en taalkundich wurk.

De lette 18e iuw (1720-1800)bewurkje seksje

Yn it Frjentsjerter gesin Althuysen waard de leafde foar de Fryske skriuwerij fan heit op soan trochjûn. Simen Althuysen (1690-nei 1757) skreau in soad gelegenheidsdichten en fragminten op út it libben fan de steedhâlder en syn kunde. Syn soan Jan Althuysen (1715-1763) skreau ek gelegenheidsdichten. Heit en soan hawwe de psalmberiming fan Gysbert Japiks ôfmakke. Se folgen de doe gongbere beriming fan de psalms fan Datheen sa't dy doe yn tsjerke songen waarden. Doe't it klear wie, is yn 1755 in bondel fan gedichten, mei as titel Fryske Rymlerije fan de beide Althuysens en fan Gysbert Japiks útkommen. Dêroan tafoege harren beriming fan de 100 psalms mei as titel David my dy oare lofsangen.[2]

Durk Lenige (1722 - 1798) hat yn it tiidrek 1771-1792 sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk skreaun. Syn wurk bestiet út in ferskaat oan gelegenheidsrimen, natoergedichten en hardersfersen. Hy wie de earste dy't de sonnetfoarm brûkte yn Fryslân.

Eelke Meinerts (1732 - 1810) publisearret yn 1779 It libben fan Aagtje Ijsbrants. It ferhaal giet oer in frou dy't harsels tige fatsoenlik achtet en hat in protte krityk op oare froulju. Lykwols is Aagtje in skynhillige dy't oaren wat ferwyt, mar harsels net oan 'e regels hâldt. It boek is werprinte yn 1808, 1827, 1861, 1954 en 2017.[3]

Feike Hiddes van der Ploeg (1736 - 1790) joech tusken 1774 en 1778 mar fjouwer Frysktalige wurken út. Yn 1973 waard it net-újûne wurk fan Van der Ploeg bondele yn 'e Magnus-rige. Om 1780 hinne krige er swierrichheden yn ferbân mei alkoholgebrûk en jildkrapte, letter is hy mooglik opgien yn 'e patriottebeweging.

It krewearjen op it wittenskiplik en literêr mêd fan Everwinus Wassenbergh (1742 - 1826) makke it fannijs opbloeien fan de Fryske literatuer mooglik.

Sjoch ekbewurkje seksje

Literatuerbewurkje seksje

  • Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof - Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, AFûK, ISBN 90-70010-52-6
  • Teake Oppewal - NL Zoland de wind de wolkend waait, útjouwer Bert Bakker, ISBN 90-351-3017-0

Boarnen, noaten en referinsjesbewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Klaes Dykstra, Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 1997 (side 20)
  2. Biografy Simen Althuysen op sirkwy.frl (lêst sjoen op 21 jan. 2022)
  3. Eric Hoekstra, Waatze Gribberts brulloft/It libben fan Aagtje Ijsbrants, 2017 (side 155)