Frjentsjer

Frjentsjer
Flagge fan FrjentsjerWapen fan Frjentsjer
FlaggeWapen
Lokaasje fan Frjentsjer
GemeenteFrjentsjerteradiel
Ynwennertal (2021)12.810 (1 jannewaris 2023)
WebsteeWebstee Frjentsjerteradiel

Frjentsjer (Frjentsjertersk: Franeker) is in stêd dy’t yn de gemeente De Waadhoeke leit. Frjentsjer leit eastlik fan Hjerbeam, noardeastlik fan Hitsum, noardwestlik fan Tsjom, westlik fan Sweins en Skalsum en besuden Doanjum. Op 1 jannewaris 2023 hie Frjentsjer 12.810 ynwenners. De kearn fan de stêd lekt tusken de alde stêdsgrêften fan Frjentsjer. Om dizze kearn lizze ferskate oare buerten.

De himrik fan Frjentsjer
Botniastins
De Foarstrjitte.
Histoaryske kaart fan Frjentsjer, Joan Blaeu, 1694.
Dizze side giet oer de stêd Frjentsjer. Foar de eardere gemeente, sjoch: Frjentsjer (gemeente).

De buorskippen Miedum, Kie, Doaium (diel), Erkens, It Fliet, Kystersyl (diel), Lankum, Lytselollum, Salvert, Sânhuzen en It War hearre ek by Frjentsjer.

Sûnt 2018 leit Frjentsjer yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei de stêd yn de gemeente Frjentsjer. Frjentsjer hat altyd haadplak west fan Frjenstjer, (ald) Frjentsjerteradiel, (nij) Frjenstjerteradiel en De Waadhoeke.

Skiednisbewurkje seksje

Frjentsjer soe om 800 hinne ûntstien wêze as in Karolingysk kastellum. Yn 1374 krige it stedsrjochten. Fan de 11e iuw oant de 16e iuw ûntwikkele Franeker him ta bestjoerlik sintrum fan noardlik Westergoa en de Frjentsjerter Fiifdielen. Yn de 15e iuw festige hartoch Albrecht fan Saksen him yn Frjentsjer. It stedsje like him te ûntwikkeljen ta haadstêd fan Fryslân, mar waard benefterlitten troch Ljouwert. It ferhaal giet dat ynwenners fan Frjentsjer yn de Midsiuwen besocht hawwe om in tsjerkeklok te stellen út Harns. Sûnttiid wurde de Frjentsjerters klokkedieven neamd.

Doe't de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn opstân kaam tsjin Spanje, keas Frjentsjer al gau de kant fan Willem fan Oranje. Frjentsjer waard hjirfoar yn 1585 beleanne mei in universiteit; op Leien nei de âldste fan Nederlân. Der waarden fjouwer redenen oanfierd: it wie goedkeaper as studearjen yn Leien, de âlden koenen better harren bern yn 'e gaten hâlde, it wie goed foar de ûntwikkeling fan de befolking en it jild dat de studinten útjaan soene bleau binnen de provinsje. Oan dizze "Frjentsjerter Akadeemje", skonken troch de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau en iepene op 29 july 1585, koe men teology, rjochten, medisinen, klassike talen, wiisbegearte en wis- en natuerkunde studearje. Ien fan de studinten wie prins Willem IV.

Frjentsjer yn de Patriottetiidbewurkje seksje

Yn de 18e iuw rekke de stêd yn ferfal, mar yn de patriottetiid liet Frjentsjer noch fan him hearre. Yn septimber 1785 waard it twahûndertjierrich bestean fan de Hegeskoale fierd. Prinses Wilhelmina fan Pruisen die mei oan de feeestlikheden sûnder har man, dy't konfrontearre waard mei ferlies oan macht en ynfoed en al syn foech opjaan woe: rûnom yn it lân wiene eksersysjegenoatskippen oprjochte, it dragen fan oranje wie sûnt inkele wiken ferbean en yn De Haach wie hy út syn militêre funksje setten. Yn maaie 1787 waard it de studinten en professors (lykas Johan Valckenaer) ferbean diel te nimmen oan de oefeningen fan it eksersysjegenoatskip. De Steaten fan Fryslân furdigen ein maaie boppedat in ferbod út om wapens oan te skaffen, mei as gefolch dat de patriotten har yn harren frijheid oantaast fielden. Binnen inkele dagen soenen yn Fryslân nije regearingsregleminten yn wurking trede, mei strangere easken oan de froedskipsleden. De Steaten fan Fryslân wienen bang foar in herhelling fan wat him yn augustus 1786 yn de stêd Utert ôfspile hie: dêr hienen de lanlik gearroppen eksersysjegenoatskippen de prinsgesinde leden fan it stedsregear oan de kant skood. Inkele wiken letter driigde in Pruisyske ynfal en fuortendaliks waarden op guon plakken definsjegenoatskippen oprjochte, want it gewest Hollân woe gjin ekskús oanbiede foar de oanhâlding fan de prinsesse, dy't nei Goejanverwelleslûs brocht wie. Begjin septimber 1787 luts in tsiental rebellearende Fryske Steateleden, ûnder lieding fan Court Lambertus fan Beyma him werom yn Frjentsjer, neidat Provinsjale Steaten alle steun oan Hollân (en de stêd Utert) ferbean hie. Frjentsjer waard yn steat fan ferdigening brocht. Harns wegere mei te wurkjen en de oanfier fan manskipppen, wapens en munysje fia Makkum wie gjin súkses. De dissipline wie fier te sykjen, de drank floeide ryklik; stipe fan de befolking kaam der net.

Doe't Pruisyske troepen hieltyd fierder oplutsen nei it Noarden, ferlieten de ta wanheap dreaune lieders op sneintemiddei 23 septimber de stêd nei de tsjerketsjinst. De ôftocht ferrûn sa rommelich en yn sân hasten dat se fergeaten de slim belêstende, ûndertekene declaratoiren (dokuminten) mei te nimmen. (De lieders joegen inoar de skuld en hienen jierren letter noch altyd spul, doe't se yn Frankryk harren weromkomst ôfwachten).

De kopstikken binne oer Warkum, wêr't de prinsgesinden de skrik op 'e lea jage waard, troch te rôven en te sjitten, oer De Lemmer of Starum nei Amsterdam flechten. In inkeling flechtte oer Grins of It Amelân nei Dútslân, lykas Eise Eisinga. In tweintichtal patriotten út Frjentsjer waard finzen setten yn it blokhûs fan Ljouwert en feroardiele. Uteinlik soe ek in tsiental patriotten út Boalsert de dupe wurde, omdat de rie fan Boalsert as ienige stêd yn Fryslân de Pretense Staten erkend hienen. Sjoch ek De Patriottetiid yn Boalsert.

19e en 20e iuwbewurkje seksje

Yn 1811 liet Napoleon de universiteit slute. De opfolger fan de Frjentsjerter Akademy wie it Ryksateneum, dat fan 1815 oant 1847 bestien hat, mar - krektas syn foargonger - úteinlik troch gebrek oan studinten te'n ûnder gie. De kolleksje fan de universiteitsbibleteek, mei in soad seldsume boeken, waard oerbrocht nei de Provinsjale Bibleteek yn Ljouwert (tsjintwurdich: Tresoar).

Hoewol't de stêd gjin universiteit mear hat, binne der sa no en dan wol akademyske promoasjes. Promovendy fan de Ryksuniversiteit Grins dy't in bân mei Fryslân hawwe, meie harren proefskrift yn de Frjentsjerter Martinytsjerke ferdigenje.

Universiteitbewurkje seksje

Universiteit fan Frjentsjer

Foar de Frânske tiid hie Frjentsjer in universiteit. Pogingen om der op 'e nij in universiteit te krijen binne oant no ta op neat útrûn. Dochs in pear dagen yn it jier kriget Frjentsjer de status fan Akadeemjestêd werom; tusken Kryst en Aldjiersdei wurdt it Krystkongres organisearre. Dit kongres, dat meardere dagen duorret, fynt plak yn 'e Bogt fen Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân. It kongres wurdt alle jierren troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings (FFS) organisearre, foar it earst yn 1930.

It Stêdhûs fan Frjentsjer.

Joadske gemeentebewurkje seksje

Yn 1658 wurdt de earste joad as poarter yn Frjentsjer ynskreaun. Earder wiene der elk al guonts dy holpen by it printsjen en publisearjen fan Hebriuwske boeken. Oaren studearren genêskunde oan de universiteit; yn 1747 krige de earste joadske studint syn dokterstitel.

De lytse gemeente waard earst begjin 19e iuw warber. Yn 1821 wurdt Frjentsjer neamd as by-tsjerke fan de Ringsynagoge Harns. Om 1830 hinne giet de gemeente by dy fan Harns.
Yn de jierren 1930 wie der in 'kibboets fan Palestina-pioniers' fan in religieus-zionistyske pioniersorganisaasje yn Frjentsjer. Oant 1940 hawwe dêr tsientallen jonges en famkes in agraryske oplieding folge.Al by de earste razzia yn 1941 waard it meastepart fan de joadske ynwenners fuortbrocht. In lyts part hat de deportaasje oerlibbe. In inkeling koe ûnderdûke.

Tal joaden yn Frjentsjer:

1809: ?
1840: 26
1869: 38
1899: 19
1930: 10 [1]

Nammebewurkje seksje

De Ald-Fryske namme Franeker soe komme fan frâna-eker ofwol "eker fan de hear" (Nederlânsk: froon-acker → vroon-akker). De âldste strjitte fan de stêd hjit noch altyd Froonacker. Yn it Nij-Frysk wurdt de namme yn de 16e iuw ta Frenker. De foarm Frentjer is foar it earst oan it jier 1655 te linken. Mei wat staveringsfariaasje hanthavenet dy him oant yn it begjin fan de 19e iuw. Dan komme foarmen as Frjentjer en letter ek Frjentsjer op.

Dialektbewurkje seksje

Yn Frjentsjer wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek in Stedsk dialekt sprutsen. It Stedsk wat yn Frjentsjer sprutsen wurdt is it Frjentsjertersk/Franekers.

Kultuerbewurkje seksje

It besjen wurdichbewurkje seksje

De 15e-iuwske Martinytsjerke
It Martenahûs.

Frjentsjer hat in histoaryske binnenstêd mei in soad monuminten

Museum Martenabewurkje seksje

Yn oktober 2003 bliek it Museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer yn it besit fan de âldste ikehouten kast fan Nederlân. De twadoars argyfkast komt út sirka 1550, en is makke fan ikehout fan foar 1550, dat út de Baltyske steaten komt, sa die bliken nei dendrologysk ûndersyk. Yn 2006 ferhuze Museum 't Coopmanshûs nei it Martenahûs oan de Foarstrjitte. It hjit no: Museum Martena. Sûnt july 2006 is it museum wer iepen foar it publyk. De fêste kolleksje is wijd oan û.o. de stedsskiednis, de Frjentsjerter Akademy en Anna Maria fan Schurman.

Evenemintenbewurkje seksje

It Nôtdragershúske.

Ferskaatbewurkje seksje

Mienskipbewurkje seksje

It Gemeentehûs fan De Waadhoeke, oan 'e Harnzerwei yn Frjentsjer.

Foarsjenningsbewurkje seksje

It tsjerkegebou fan 'e PKN is de Martinytsjerke, en roomske tsjerkegebou hjit de Sint-Fransiskustsjerke. Frjentsjer hat in jachthaven, in teäter (Teater De Koornbeurs), en in oerdekt swimbad. Ek sit hjir GGZ Frjentsjer (it eardere Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer), en sûnt 2005 ek de Forinsysk Psychiatryske Ofdieling (FPA-Frjentsjer). Fan 1926 oant 2013 siet yn Frjentsjer Boekhannel Wever, dy't lange tiid in begryp wie yn 'e stêd en wide omkriten. Slachterij Terpstra, oan 'e Dykstrjitte, is ien fan 'e âldste slachterijen fan Nederlân.

Sportbewurkje seksje

Sûnt 1853 wurdt yn Frjentsjer elts jier de PC holden; dit is de wichtichste keatswedstryd fan Fryslân en de âldste reguliere sportwedstryd fan 'e wrâld. As ien fan 'e Fryske alve stêden leit Frjentsjer op 'e rûte fan 'e Alvestêdetocht. Elts jier is der mei Peaske in grut ynternasjonaal hânbaltoernoai yn Sporthal De Trije (ien fan 'e grutste sporthalen fan Fryslân, mei fjouwer flierren).

Oare ferieningsbewurkje seksje

Ald-Boargemastersbewurkje seksje

Befolkingbewurkje seksje

Gevelstien Klearkampster Weeshús.

Bekende Frjentsjertersbewurkje seksje

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium.

Iepenbier ferfierbewurkje seksje

It busferfier en de treinferbining wurde beide eksploitearre troch Arriva.

Frjentsjer hat ek in stasjon oan it spoar Ljouwert-Harns Haven.

De Hitsumer Hichte, in fytsbrêge oer de N384.
De Stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal.

Ynfrastruktuerbewurkje seksje

Strjittenbewurkje seksje

Guon fan 'e wichtichste strjitten fan Frjentsjer binne de Fiverstrjitte, de Foarstrjitte, de Dykstrjitte, it Riedhûsplein en de Bredepleats. Foar in opsomming fan alle strjitten yn Frjentsjer, sjoch: Strjitten fan Frjentsjer.

Brêgenbewurkje seksje

Oarbewurkje seksje

  • It Stedspark fan Frjentsjer, ek wol Sjaerdemapark neamd, leit oan 'e Harnzerwei, in eintsje westlik fan 'e binnenstêd.

Sjoch ekbewurkje seksje

Keppeling om utensbewurkje seksje

 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum ·Drylts ·Frjentsjer ·Harns ·Hylpen ·Ljouwert ·Sleat ·Snits ·Starum ·Warkum

Boarnen, noaten en referinsjesbewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joadsk Histoarysk Museum